Omschrijving
Sykje jo in frijsteande wenning oan iepen farwetter?? Dan is dizze wenning, dy ’t goed ûnderhâlden is, miskien wat foar jo! Op in fraaie lokaasje, yn it plan Groot Bornemeer, stiet dizze tradisjoneel boude frijsteande wenning mei garaazje. Dizze moai ôfwurke wenning hat in royale oanboude garaazje. De garaazje is oplutsen yn spoumuorren, is ysolearre en is ûngefear 9 x 4 meter grut. De eftertún is op it súdeasten en grinzet oan iepen farwetter mei in ferbining nei de Dokkumer Ie(Alvestêderûte). It giet hjir om in yn 1999 tradisjoneel boud wenhûs op 741m2 eigen grûn. TYDLIK NHG (Nasjonale Hypteek Garânsje) MOOGLIK!!!
Yndieling: Hal mei estrikken flier, hingjend toilet mei fonteintsje, wenkeamer yn in L-foarm mei in parketflier en sko-pui nei de riante tún mei in houten berging en in oanlisplak foar de boat, iepen keuken mei ynbou-apparatuer, bykeuken mei in flier fan estrikken en in fêste kast en in romme ysolearre garaazje.
Boppe: oerloop, moderne badkeamer mei dûs, fêste wasktafel, designradiator en 2e hingjend toilet, 3 sliepkeamers(1 dêrfan oer de hiele breedte fan it hûs).
2e ferdjipping: flizotrep nei de romme souderberging.
It doarp Burdaard (Birdaard) is fan oarsprong in terpdoarp mei ûngefear 1.000 ynwenners. It doarp hat in aktyf ferieningslibben en beskikt û.o. oer ferskate sportferienings, in basisskoalle en pjutteboartersplak, in supermerk, in bakkerij en in restaurant, leit flakby it stedsje Dokkum en leit op sa’n 20 autominuten fan it sintrum fan Ljouwert.