Omschrijving
Op rin-ôfstân fan it winkelsintrum fan Burgum en tichteby ferskate foarsjennings lykas: bushalte, skoallen, swimbad en sporthal, stiet dizze goed ôfwurke en ûnderhâlden frijsteande wenning mei carport en garaazje. Dizze wenning hat it útsicht oer gemeentlik grien en is yn de rin fan de jierren sawol fan binnen as fan bûten ferboud. Troch de achteroanbou is der ûnder in ekstra sliep/hobbykeamer makke, ek is troch dizze útbou de wenkeamer langer makke. Yn de syd-oanbou oan de súdkant is de heal-iepen keuken mei kelder makke. De badkeamer boppe is grutter makke troch in dakkapel. Ek binne de goaten en boeidielen fan de wenning mei keunststof beklaaid, binne der keunststof kezinen en in aluminium sko-pui. Hielendal mei HR+ en HR ++ glês. Dizze goed ysolearre wenning (muorre- dak- en glêsysolaasje) mei in moaie en tige fersoarge oanleine tún op it súwesten stiet op in kavel fan 479 m2 eigen grûn.
Yndieling: Hal mei toilet, tagong nei 3 sliepkeamers fan respektivelik 2 x 9 m2 en 13 m2, badkeamer mei dûs, wenkeamer mei iepen keuken mei ferskate ynbou-apparatuer.
Boppe: oerloop mei fide, ljochte en neutrale badkeamer 11 m2 mei badmeubel, 2e toilet, lisbad en separate dûs-cabine, 2 romme sliepkeamers fan sa’n 16 m2 en 18 m2; 1 dêrfan hat in kaste-/spegel wand en in trochgong nei de berchromte.
Oangean: yn oerlis