Omschrijving
Op in prachtich plakje, krekt bûten de doarpskearn fan Burgum stiet dizze goed ûnderhâlden frijsteande útboude wenning. Yn it efterste part (boud yn 1999), dêr ’t de wenkeamer yn sit, binne in protte ruten, sadat jo by ’t soad genietsje kinne fan de tige besletten achtertún. De tún dy ’t in protte privacy jout, beskikt oer ferskate fivers en terrassen en leit op it súd-easten. Ek is in part as grientetún ynrjochte mei in lytse kas. Dit alles stiet op in romme kavel fan 1390 m2 eigen grûn.
Yndieling:
hal, garaazje mei romme, djippe kelder en souderberging, royale nei de tún rjochte wenkeamer/serre (40 m2) mei sko-pui en estrikken flier mei flierferwaarming, tuskenhal mei wasktafel, badkeamer mei dûs-cabine en in ’wiete’ sauna, wasktafel en urinoir, separaat toilet, sliepkeamer (10 m2), wenkeuken (18 m2) mei trepopgong, sliepkeamer (25 m2 ).
Boppe: op it foarhûs binne 2 keammerkes, dy ’t út de keuken wei fia in fêste trep te berikken binne. Boppe de wenkeamer is in (ysolearre) souderkeamer wêr ’t in sliepkeamer makke wurde kin.
Burgum leit sintraal foar Ljouwert en Drachten oer en yn Burgum binne winkels, swimbad, bibleteek en ferskate skoallen. Dêrneist treffe jo yn dit part fan Fryslân it fryske kûlisselanskip oan.
Wolle jo genietsje fan rêst, privacy en romte? Dan is dizze wenning faaks wat foar jo.
In ynruiljen fan de eigen wenning is mei de ferkeaper te bepraten!!
Oangean: yn oerlis