Omschrijving
Sykje jo in tige royale wenning yn “Burgum-west”, mar dan krekt wat oars? Dan is dizze wenning miskien wat foar jo!! Op in goede lokaasje yn de nijbou-wyk fan Burgum stiet dit romme en moai ôfwurke heal-frijsteand hearrehûs. It giet hjir net om in standert type! Dizze wenning hat ûnder in WURK, SLIEP en BADKEAMER. De badkeamer ûnder hat in lúkse ôfwurking en hat in toilet, wandmeubel en lisbad (bubbelbad). Njonken de moaie badkeamer treffe jo yn dizze wenning ek in prachtige keuken oan yn in hoeke-opstelling. Yn dizze keuken is alle ynbou-apparatuer oanwêzich.
De tún, dy’t tige fersoarge oanlein is, leit op it súdwesten en hat op ferskate plakken sitsjes sadat jo sawol yn de sinne as yn it skaad sitte kinne. Efter op it perseel stiet de frijsteande houten garaazje dy’t te berikken is fia de oprit oan de sydkant. Dizze wenning mei frijsteande garaazje stiet op in kavel fan 346m2 eigen grûn.
Under: Yntree op ‘e sydkant/hal, toilet mei hingjend closet, romme wenkeamer yn in L-foarm (sa’n 40 m²) mei erker, lúkse heal-iepen keuken yn in hoeke-opstelling mei alle ynbou-apparatuur, bykeuken mei tagong nei wurk/studearkeamer, sliepkeamer mei tagong nei de badkeamer.
Boppe: romme oerloop, 3 royale sliepkeamers fan respektivelik (9,5 m², 11,5m² en 12 m² ) wêrfan de efterste sliepkeamer mei ynrin-kast, moderne badkeamer (yn neutrale kleuren) mei lisbad, separate dûs-hoeke, 3e hingjend toilet en wasktafelmeubel.
2e ferdjipping: fia in fêste trep te berikken romme souderferdjipping, op dizze ferdjipping bestiet de mooglikheid foar it meitsjen fan 2 sliepkeamers.
Oangean: yn oerlis