Zantman Makelaardij

Ferkeap

By it ferkeapjen fan in wenning soargje wy der foar dat njonken it bekende boerd yn de tún, it hûs te keap oanbean wurdt op ús eigen ynternetside en dat de wenning op funda oanbean wurdt. Dêrneist sille wy de ferkeapjende partij fertsjintwurdigje nei de keapjende partij. En wy sille jo belangen behertigje oangeande de priis.

At jo der oer tinke jo wenning te ferkeapjen hawwe jo te krijen mei in oantal stappen, dat binne:

1 Oriïntearjend petear
Tidens dit petear, dat fergees is, komt ien fan ús makelders by jo thús om in yndruk fan jo wenning te krijen. Hy sil jo fertelle wat de mooglikheden binne en wat jo fan ús ferwachtsje kinne.

2 It opnimmen fan de wenning
As jo beslute jo wenning by ús yn de ferkeap te setten, wurdt der in twadde ôfspraak makke. De gegevens fan jo wenning wurde op papier set en der sille foto’s makke wurde fan jo wenning.

3 Fuortgong
Hjirnei sille wy op it kantoar brosjueres meitsje dy’t wy útjaan kinne oan belangstellenden. Der komt in finsterpresintaasje foar ús etalaazje, de wenning komt op ús eigen ynternetside en op funda. En fansels komt der in ferkeapboerd yn jo tún. Yn oerlis kinne der advertinsjes pleatst wurde. Yn dizze tiid hâlde wy kontakt mei jo, mar jo kinne ek altyd kontakt mei ús opnimme.

4 Besjen
As der belangstellenden binne dy’t jo wenning besjen wolle dan melde wy dat yn ’t foar. Ien fan ús makelders besjocht dan mei de belangstellenden jo wenning en bringt dêrfan nei ôfrin ferslach út oan jo. At de belangstellenden tige ynteressearre binne yn jo wenning, dan is it mooglik de wenning foar in twadde kear te besjen.

5 Ûnderhannelings
As in gadingmakker in bod op jo wenning útbringt sil de makelder tegearre mei jo oerlizze wat jo fan dat stuit ôf it bêste dwaan kinne. De ûnderhannelings begjinne earst as de ferkeaper reagearret op in bod. Ek kin de ferkeapjende makelder útdruklik oanjaan dat hy mei immen yn ûnderhanneling is. In ûnderhanneling hoecht noch net ta ferkeap te lieden. De ferkeaper kin dêrnjonken miskien noch graach witte wolle oft der noch mear belangstelling foar de wenning is en dêrom giet it besjen fan de wenning faaks noch wol gewoan troch. De ferkeapjende makelder sil dan melde dat der in bod op de wenning dien is. In belangstellende mei dan wol in bod útbringe, mar kriget dêr gjin antwurd op oant de ûnderhannelings mei de earste gadingmakker beëinige binne. De makelder moat swije oer de hichte fan de biedings.

In fraachpriis kin tidens ûnderhannelings noch hieltyd ferhege of ferlege wurde. Tidens in ûnderhanneling dogge partijen fakentiids biedings oer en wer. As de ferkeapjende partij in bod akseptearret, is der sprake fan keap. Mar de potinsjele keaper kin ek in bod akseptearje, sadat in keap ta stân komt.

6 Keap
As jo it tegearre mei de keaper iens binne oer de keap fan jo wenning, sil der in keapakte opsteld wurde. Dêr stean ûnder oare de neifolgjende gegevens yn:
de oerienkommen keappriis;
de foarnommen datum fan oerdracht;
de ûntbinende betingsten;
de datum wêrop ’t de ûntbinende betingsten komme te ferfallen.
De eventuele list mei replike saken dy’t jo oernimme komme op in aparte list.

Dizze akte wurdt ferfolgens ûndertekene troch jo en troch de keapers en sil trochstjoerd wurde nei in notaris, dy’t foar it fierdere transport soargje sil. De keapers sille njonken de keapakte ek in ûntfangstbefêstiging tekenje wêrnei ’t trije dagen betinktiid yngean.

Dizze betinktiid sil yn in oantal situaasjes feitlik langer wêze dan trije kalenderdagen. De betinktiid begjint te rinnen op de dei dy’t folget op de dei wêrop ’t de keaper de keapakte ûntfongen hat. Mei it opmeitsjen en ûndertekenjen fan de keapakte sil faak al wat tiid ferstrike foardat de wetlike betinktiid yn giet. Op de betinktiid fan trije dagen is de Algemene Termijnenwet fan tapassing. Dat wol sizze dat op syn minst twa fan de trije dagen gjin sneon, snein of algemien erkende feestdei wêze mei. Dêrnjonken jildt dat yn it gefal de betinktiid einigt op sa’n dei, hy ferlinge wurdt oant de earstfolgjende dei dy’t gjin sneon, snein of algemien erkende feestdei is. 

7. Ynspeksje
Tusken it momint fan ferkeap fan jo wenning en de oerdracht sitte meastentiids inkele moannen. Om foar te kommen dat der misferstannen ûntstean, sil der noch in ynspeksje plakfine om te sjen oft jo wenning noch yn deselde steat is as op de ferkeapdatum en sille de meterstannen opnommen wurde. Jo wurde bystien troch ien fan ús makelders.