Taksaasjes
Taksearje is in kompleks spesjalisme
Doel fan in taksaasjerapport is it jaan fan wichtige gegevens fan jo eigen wenning of fan de wenning dy’t jo kocht hawwe. Foardat banken en oare finansjele ynstellings in hypteek jouwe, stelle hja sa’n taksaasjerapport meastentiids as in ferplichting. De ynstânsje dy’t it jild beskikber stelt (de bank) wol wissichheid oer de reële wearde fan it hûs dêr’t jo finansiering (hypteek) foar freegje. Dêrby is in ûnôfhinklik oardiel fan in saakkundige fereaske. Dizze saakkundige is de taksateur.
Om de wearde fan jo wenning te bepalen moat de taksateur in oantal dingen yn ‘e gaten hâlde.
Yn welk plak at jo hûs stiet;
De buert wêr’t jo hûs yn stiet;
Faktoaren dy’t mei de omjouwing te krijen ha (bestimmingsplan, autowei, winkelsintrum, at de buert geskikt is foar bern ensfh.);
Is der in tún, garaazje, balkon ensfh.;
Steat fan ûnderhâld, konstruksje en kwaliteit fan de brûkte materialen (wurde der grutte
reparaasjes ferwachte yn de takomst);
De funksjonaliteit fan de yndieling;
Isolaasje en enerzjysunige maatregels;
Ynhâld en grutte;
Ferplichtings en rjochten dy’t op ‘e grûn sitte (bygelyks erfpacht of rjocht fan paad)
Der binne ek eksterne omstannichheden dy’t ynfloed ha kinne op de wearde fan jo hûs:
Priisûntwikkeling op ‘e merk fan ûngefear fergelykbere wenningen;
Takomstige ûntjouwings, bygelyks it bestimmingsplan op dit plak;
Komt datjinge wat sjoen wurdt, oerien mei de gegevens fan it kadaster.
Ek moat der rekken mei hâlden wurde dat in wenning ferskate soarten fan wearden hat. Want in goede fraachpriis foar in wenning is in oare wearde dan dy fan it werbouwen fan de wenning, dy’t de fersekering witte wol.
Wy ûnderskiede de folgjende weardebegrippen:
De wearde yn it ekonomysk ferkear;
De ûnderhânske ferkeapwearde;
Eksekúsjewearde;
Werbou-wearde;
Ekonomyske hierwearde
De wearde yn it ekonomysk ferkear
De wearde dy ’t de belestingtsjinst witte wol is de wearde yn it ekonomysk ferkear fan jo wenning. De oerheid (belestingtsjinst) wol de wearde fan jo wenning witte foar de ferskate belestingheffings.
Dizze wearde is nedich foar de folgjende belestings:
De ûnreplik saak belesting
It eigen wenningforfait yn de ynkomstebelesting;
De wetterskipslesten.
Ûnderhânske ferkeapwearde
De ûnderhânske ferkeapwearde is de wearde dy’t in hûs opbringt by oan- of ferkeap.
Eksekúsjewearde
De eksekúsjewearde is de wearde dy’t de wenning opbringt by twongen ferkeap as jo bygelyks de rinte of ôflossing fan jo hypteek net mear betelje kinne. De bank wol dizze wearde witte by in oanfraach om in hypteek.
Wearde by wer-opbouwe
De wearde dy’t de fersekering witte wol is de wearde by it wer-opbouwen fan in wenning. Op dizze wize kin de fersekere wearde yn de poalis opnommen wurde en de jierpreemje fêststeld wurde. Dizze wearde is ynklusyf of eksklusyf fundearrings en is fansels allinne basearre op it opstal.
Ekonomyske hierwearde
At jo jo wenning tydlik ferhiere wolle moatte jo de ekonomyske hierwearde witte fan jo wenning.
Foar mear ynformaasje of it meitsjen fan in ôfspraak kinne jo kontakt opnimme mei ús kantoar of kinne jo hjir klikke en fuortendaliks kontakt opnimme.