Zantman Makelaardij

De Wylch 32, Burgum

BURGUM, 32 Verkocht
Fraachpriis: € 385.000 k.k.
Perseeloerflak: 832m²
Wenoerflak: 175m²
Type wenning: vrijstaande woning
Boujier: 1980

Op in echt prachtige lokaasje mei frij útsicht oer it Prinses Margriet kanaal stiet dizze frijsteande semi-bungalow mei garaazje. Dizze royale wenning út 1980 is hielendal ûnderkeldere en stiet op in kavel fan 832 m2 eigen grûn. Omdat der in protte ruten binne hawwe jo út de wenkeamer wei in prachtich útsicht oer it kanaal. De eftertún is op it suden en hat in terras.

Yndieling:
Under: De royale hal is it sintrale punt fan dizze wenning. Ut de hal wei hawwe jo tagong nei boppe, it toilet, badkeamer, sûterrain en wenkeamer. De wenkeamer yn in L-foarm mei yn it midden in iepen hurd hat in sko-pui nei it terras. Ek kinne jo út de wenkeamer wei yn de sliepkeamer en keuken komme. De royale keuken is sa’n 16 m2 grut; út de keuken wei komme jo yn de bykeuken. Yn de badkeamer is in lisbad, fêste wasktafel en separate dûs.
Boppe: romme oerloop me fide en tagong nei de berchromte en 2 sliepkeamers. De sliepkeamers binne 23 m2 grut en hawwe ek in balkon.
Sûterrain: Fia de trep yn de hal hawwe jo tagong ta de kelder dy’t ûnder de hiele wenning trochrint. Hjir binne 2 royale romten fan resp. 36 m2 en 16 m2 dy’t foar ferskate doelen te brûken binne. Ek is it tsjettelhûs en de garaazje yn it sûterrain.

Binne jo nijsgjirrich wurden en wolle jo mear ynformaasje of in frijbliuwende besichtiging? Nim dan kontakt op mei ús kantoar!!
 

De Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, BurgumDe Wylch 32, Burgum

Wolle jo mear witte oer Zantman of oer ien fan ús wenningen, of wolle jo frijbliuwend in ôfspraak meitsje? Folje dan de fjilden hjirûnder yn.

Alle fjilden binne ferplichte