Zantman Makelaardij

Hillamaweg 20, Burgum

BURGUM, 20
Fraachpriis: € 299.000 k.k.
Perseeloerflak: 566m²
Wenoerflak: 130m²
Type wenning: vrijstaande woning
Boujier: 1926

Op rin-ôfstân fan it winkelsintrum fan Burgum stiet dizze royale karakteristike frijsteande wenning mei garaazje en kantoar/praktykromte. Dit alles is yn de rin fan ‘e jierren hielendal ferboud en renovearre en hat dûbele ruten en sintrale ferwaarming út 2006. De praktykromte mei túndoarren is yn 2005 realisearre en hat in eigen toilet en sintrale ferwaarming (út 2005). Yn de tún dy ’t prachtich oanlein is, stiet in prieel mei in reiten tek en der binne ferskate terrassen. Dit alles stiet op in romme kavel fan 566 m2 eigen grûn.

Yndieling: Yntree, hal mei meterkast, trepopgong nei de earste ferdjpping. Under de trepopgong is in wurkplak makke. Wenkeamer mei skou wêryn ‘t in reekkanaal foar in houtkachel is. Ytkeamer, heal-iepen keuken mei in keramyske itensiedersplaat, ôfsûchkappe en in oansluting foar in ôfwaskmasine. Bykeuken mei oanrjocht, kastkes en oansluiting foar wytguod. Badkeamer (yn oanbou) mei in lisbad. Hal en toilet.
Kantoar/praktyk romte mei eigen yngong, toilet en keuken.
Garaazje mei carport

Boppe: oerloop mei in protte berchromte en in gruttte ynrin-kast. Fjouwer royale sliepkamers mei fêste kasten wêrfan 1 mei balkon. Royale badkeamer mei in badmeubel mei dûbele wasktafel, dûs-cabine en toilet.

Oangean: yn oerlis
 

Hillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, BurgumHillamaweg 20, Burgum

Wolle jo mear witte oer Zantman of oer ien fan ús wenningen, of wolle jo frijbliuwend in ôfspraak meitsje? Folje dan de fjilden hjirûnder yn.

Alle fjilden binne ferplichte