Omschrijving
Yn in rêstich hofke op rinôfstân fan it winkelsintrum en flakby fyts- en- kuierrûtes stiet dizze royale 2/1 kapwenning. By dizze tradisjoneel boude wenning fan ûngefear 375m3 sit in romme garaazje fan ûngefear 7,4m X 3,3m. De eftertún mei in moai terras leit op it suden en jout in protte privacy.
De badkeamer is in pear lyn fernijd en hat in romme dûs-hoeke, wasktafelmeubel en 2e toilet.
Dizze wenning hat foar in part ysolearjende ruten en wurdt ferwaarme troch in HR-kombitsjettel. De foartún fan de wenning is sà oanlein dat hy net folle ûnderhâld freget. Dit alles stiet op in kavel fan 233m2 eigen grûn.
Yndieling: romme hal (mei garderobe en meterkast) mei de trepopgong, toilet mei fonteintsje, royale wenkeamer, iepen keuken mei in protte kastromte en wat ynbou-apparatuer, romme bykeuken mei in doar nei de garaazje. De garaazje hat in kantel/rin-doar.
Boppe: oerloop, 2 romme sliepkeamers, ien dêrfan hat in fêste wasktafel (resp. 11m2 en 14m2 ), tredde sliepkeamer mei doar nei it plat dak, badkeamer mei dûs-hoeke, wasktafelmeubel en 2e toilet.
2e ferdjipping : fêste trep nei de souder, oerloop mei berchromte en berchromte efter de skeane kanten, royale 4e sliepkeamer mei dakrút.
Oangean: yn oerlis