Zantman Makelaardij

Pater Doesburgloane 12, Burgum

BURGUM, 12
Fraachpriis: € 319.000 k.k.
Perseeloerflak: 511m²
Wenoerflak: 135m²
Type wenning: vrijstaande woning
Boujier: 1993

Op in tige goede, ek foar bern hiel geskikte lokaasje, fuortby skoallen, bushalte en winkelsintrum stiet dizze goed ûnderhâlden frijsteande wenning. Dizze tradisjoneel boude wenning mei in garaazje derby oanboud, hat in royale tún op it suden. De wenning is bûtenom yn 2006 ferve. De sintr.ferwaarmingstsjettel is 2 jier âld.

Yndieling:
Under: romme hal, in hielendal betegele toilet mei fonteintsje, wenkeamer yn L-foarm mei in parketflier, heal-iepen keuken mei ferskate ynbou-apparatuer, wêrûnder in kombimagnetron, kuolkast en ôfwaskmasine, kreaze bykeuken mei oansluting foar de waskmasine en in doar nei de garaazje. Yn de garaazje sit in elektryske kanteldoar.

Boppe: oerloop mei ynbou-kast, 3 sliepkeamers, 1 dêrfan is in royale âldersliepkeamer (sa’n 14m2), kreaze badkeamer yn neutrale kleuren mei in lisbad, 2e toilet, wasktafel en separate dûs-cabine.

2e ferdjipping: souderberging, te berikken fia in flizotrap op de oerloop.

Dizze prachtige en goed ûnderhâlden wenning stiet yn in rêstige wenomjouwing tichteby de Nijstêdserfeart. Jo kinne hjir kuierje, fiskje en genietsje fan it prachtige Fryske kûlisselanskip.

Oangean: yn oerlis.

Pater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, BurgumPater Doesburgloane 12, Burgum

Wolle jo mear witte oer Zantman of oer ien fan ús wenningen, of wolle jo frijbliuwend in ôfspraak meitsje? Folje dan de fjilden hjirûnder yn.

Alle fjilden binne ferplichte