Omschrijving
Sykje jo in lúkse appartement yn it winkelsintrum fan Burgum mei frij útsjoch!! Dan is dit appartement wat foar jo! Op de 1e ferdjipping fan it kompleks “Merkestins” fine jo dit royale appartement mei 2 sliepkeamers, 2 badkeamers, lúkse keuken en ekstra sliep/wurkkamer. Ek hawwe jo út de sliepkeamer en wenkeuken wei tagong ta de patio, sadat jo by’t simmer folop genietsje kinne fan de sinne.
Yndieling: Yntree, hal mei tagong ta de sliepkeamer, romte foar it wytguod, (gasten)badkeamer mei toilet, wasktafelmeubel en dûs-hoeke. De grutte sliepkeamer (sa’n 18 m2) hat in eigen badkeamer mei toilet, badmeubel, separate dûs-cabine en lisbad. Ek hat dizze sliepkeamer iepenslaande doarren nei de patio. Yn de royale lúkse keuken (sa’n 22 m2) sit alle ynbou-apparatuer. Ut de royale wenkeamer wei hawwe jo frij útsjoch oer it winkelsintrum.
Bysûnderheden: Lúkse ôfwurking; Parkeergaraazje en berging yn sûterrain; Underhâld bûtenkant foar rekken fan de Feriening fan Eigners.
Oangean: yn oerlis.