Omschrijving
Wa dreamt der net fan om oan iepen farwetter te wenjen mei frij útsicht oer it natuergebiet!! Dizze dream kin útkomme. Wy biede in frijsteande wenning mei oanbou (gasteferbliuw) te keap oan mei in frijsteande garaazje op 1085 m2 eigen grûn. De wenning mei in eigen oanlisteiger leit oan de “Nieuwe Zwemmer”. Ut de wenning, de tún en it terras wei hawwe jo in prachtich en unyk útsicht oer it natoergebiet oan de “Nieuwe Zwemmer” (ferbiningskanaal fan it Lauwersmar nei it Burgumermar). Dizze wenning is goed ûnderhâlden en is yn de lêste jierren ferskate kearen ferboud. Dit alles wurdt ferwaarme troch in sintr.ferwaarmingstsjettel út 2007. OMDAT DER OAN DE WEI WURKE WURDT IS DIZZE WENNING IT BÊSTE TE BERIKKEN FIA DRIEZUM!!
Yndieling: Yntree, hal mei bykeuken, ynbou-kast en sintr. ferwaarmingsopstelling, toilet, badkeamer mei dûs en netsjes wasktafelmeubel, keuken mei in trochgong nei de oanbou (no yn gebrûk as simmerhûske), wenkeamer yn in L-foarm mei in prachtich útsicht.
Boppe: oerloop mei doar nei platdak en 3 sliepkeamers
2e ferdjipping: te berikken fia in flizotrep op de oerloop.
It simmerhûske hat in yntree, wenkeamer, eigen keuken, toilet en dûs. Ek binne der 2 sliepkeamers. Der is by de wenning genôch parkeargelegenheid (sa’n 4 auto's).