Zantman Makelaardij

Schoolstraat 10, Jistrum

JISTRUM, 10
Fraachpriis: € 210.000 k.k.
Perseeloerflak: 194m²
Wenoerflak: 105m²
Type wenning: vrijstaande woning
Boujier: 1937

Midden yn it doarp stiet dizze hielendal renovearre wenning mei garaazje út de tritiger jierren. Dizze wenning falt op troch de tige hechte bou. De hjoeddeistige eigner hat de wenning mei soarch renovearre wêrby ’t ferskate orizjinele details bewarre bleaun binne. De ôfrûne jierren is der û.o. dûbel glês en in sko-pui pleatst, de keuken is fernijd en tagelyk it elektra, der binne nije kezinen yn kaam, lykas in nij toilet. Ek binne der sinnepanelen pleatst. Der is sintrale ferwaarming, foar de lette jûnen is der in tige gesellige gashurd yn de wenkeamer pleatst. De wenning is fan bûten foar it grutste part ûnderhâldsearm. Yn de gesellige eftertún, type patio, leit sierbefluorring en in flonderterras, dizze hat in eigen achterom. In fersoarge gehiel!

 

 

Yndieling:
Under: Yntree mei prachtige glês-yn-leadruten, in kompleet toilet mei fontein en urinoir, wenkeamer yn L-foarm mei in balkeplafond, moaie parketflier, gashurd, sko-pui nei terras, mei oan de sydkant in ytkeamer mei erker en ynboukast, útboude keuken mei ljochtkoepels en in moderne hoekopstelling mei in ynduksje-itensiedersplaat, kuolkast, ôfwaskmasine en wasemkappe. Ut de keuken wei hawwe jo tagong nei de kelder. Efter op it perseel stiet in stiennen garaazje en fytsehok.
Boppe: Oerloop, 2 sliepkeamers wêrfan 1 mei ynboukasten en badkeamer mei lisbad, separate dûs, toilet mei ynboureservoir en wasktafel.
2e ferdjipping: fêste trep nei de souderkeamer mei Veluxfinsters, hjir is in royaal ynboubêd realisearre.
 

Schoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, JistrumSchoolstraat 10, Jistrum

Wolle jo mear witte oer Zantman of oer ien fan ús wenningen, of wolle jo frijbliuwend in ôfspraak meitsje? Folje dan de fjilden hjirûnder yn.

Alle fjilden binne ferplichte